'Minder goud yn wrak Lutine'

13 sep 2013 - 09:54
  • It boek oer de Lutine fan Martin Hendriksma
  • De Lutine soe in grutte lading goud en sulver oan board hawwe

Der leit folle minder goud yn it skipswrak fan de ferneamde Lutine as oant no ta altiten tocht waard. Dat seit alteast skriuwer Martin Hendriksma. Freed komt in boek út fan de berne Snitser mei dêryn opfallende konklúzjes.

De Lutine sonk yn 1799 tusken Flylân en Skylge mei oan board in grutte lading goud en sulver fan in wearde fan tsientallen miljoenen euro's. Goudsikers bieten har dêrnei stikken om de skat boppe wetter te krijen. Volendamkse fiskers is dat lykwols yn de 19e ieu yn it geheim foar in part al slagge.

Hendriksma hat trije jier lang ûndersyk dien foar syn boek 'Lutine, de spannendste Nederlandse goudjacht ooit' en seit bewizen fûn te hawwen yn Ingelske argiven oer de lading oan board fan de Lutine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)