Minder gers foar droegerijen

18 aug 2010 - 15:02
  • Gersdroegerij Easterwâlde
  • Gersdroegerij De Pein

Gersdroegerijen krije tonnen minder gers binnen. Begjin dit jier wie it hiel droech en kâld en dêrtroch groeit der folle minder gers. It waar is no better foar de boeren.

Yn Easterwâlde moat der elk jier goed 15.000 ton gers droege wurde om rûn te kommen, mar nei alle gedachten is dat dit jier sa'n 10.000 ton. Foarich jier wie it ek al dreech foar de droegerijen. Yn De Pein giet it wat better mei de gersdroegerij. Dêr wurdt ek luzerne droege. Dat frette kij ek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)