Minder gemyske bestriding

15 des 2005 - 08:16

It gebrûk fan gemyske bestridingsmiddels tsjin ûnkrûd nimt op 'e nij ôf. Dit docht bliken út in ûndersyk dat de provinsje úfiere litten hat. Fan de Fryske oerheden brûkt 28% net langer sokke middelen yn it behear fan it grien en op strjitten. Yn 2001 wie dat persintaasje noch 26%.

Ek de provinsje brûkt sûnt 1 jannewaris 2004 gjin gemyske bestridingsmiddels mear. Alternativen binne meanen of it mei hyt wetter bestriden fan ûnkrûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)