Minder gastgesinnen yn Fryslân

05 maaie 2008 - 13:25

It tal gastâlders dat kânsearme bern in pear wiken yn hûs nimme wol, nimt de lêste jierren bot ôf. De stifting Kinderhulp Europa is foar dizze simmer op syk nei 150 gastgesinnen, mar oant no ta binne der noch mar tachtich oanmeldings.

Foaral foar bern út Frankryk en Bosnië siket de stifting noch fakânsje-adressen. Dat der minder gastgesinnen binne, is in lanlik ferskynsel. As der net gau gesinnen bykomme, moatte der mooglik fakânsjes ôfsein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)