Minder gasten op boerekempings

11 aug 2014 - 19:39

Der binne in stik minder gasten op de boerekempings yn Fryslân dizze simmer. De lêste tsien jier binne der folle mear boerekempings bykaam. Dêrtroch wurde de klanten oer meardere kempings ferdield.

It kampearjen by de boer is oer it algemien in stik goedkeaper as op oare campings, mar betsjut meastentiids ek dat der minder fasiliteiten binne. Neffens Theunis Holtrop fan BoerderijRecreatie yn Dolsterhuzen is dat ek in reden foar de delgong fan it tal gasten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)