Minder fytsen stellen

28 jan 2010 - 13:56

It tal stellen fytsen yn Smellingerlân is mei 25 prosint weromrûn. Waarden yn 2008 475 fytsen stellen, yn 2009 wiene dat der noch 354. Dat docht bliken út it tal oanjeftes by de plysje.

As ferklearring wurdt neamd dat de plysje in saneamde lokfyts ynset. It gravearjen fan fytsen en better tafersjoch dogge ek fertuten. Boppedat kontrolearret de plysje faker. By dy kontrôles komt de plysje gauris stellen fytsen tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)