Minder Fryske skuldsanearingen

08 aug 2006 - 10:12

Yn Fryslân binne it ôfrûne heal jier it minste oantal skuldsanearingen útsprutsen fan hiel Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek. Der binne yn Nederlân de earste helte fan 2006 like folle skuldsanearingsregelingen ôfsletten as yn deselde perioade ferline jier. Dêrmei is in ein kaam oan de groei dy't ynset wie sûnt 2003.

It tal minsken dat in skuldhelp- regeling oanfreget, nimt noch wol ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)