Minder Fryske huzen ferkocht

16 aug 2012 - 16:06

Yn july binne yn Fryslân flink minder huzen ferkocht yn ferliking mei july ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan it Kadaster. Dat komt benammen om't juny in topmoanne wie. Doe binne noch in soad hûzen ferkocht fanwege ûnwissens oer de goedkeapere oerdrachtbelesting. Yn Fryslân is de ôfname hast 11 prosint. De gemiddelde priis dy't foar in hûs betelle wurdt, is it lêste jier ek sakke. Yn trochsneed is de keapsom yn Fryslân 188.000 euro, lanlik is dar 233.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)