Minder Fryske falliseminten

29 des 2010 - 17:22

Yn Fryslân binne dit jier folle minder falliseminten as yn it jier 2009. Dat docht bliken út sifers fan it bedriuw Dun & Bradsheet út Rotterdam. Dat is in bedriuw dy't ynformaasje levert oan it bedriuwslibben. Us provinsje hat in achterútgong fan 21 prosint fan it tal failliseminten. Fryslân docht it dêrmei better as de rest fan Nederlân.

It is net alhiel dúdlik wêrom't it hjir better giet. Neffens Dun & Bradsheet komt dit mooglik trochdat Friezen yn oare sektoaren wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)