Minder Frysk sikehúsgeweld

15 apr 2013 - 11:48

It sikehúspersoaniel yn Fryslân is folle minder faak slachtoffer fan geweld as yn de rest fan it lân. Ut ûndersyk fan it AD docht bliken dat helpferlieners gemiddeld 12 kear op in dei mei geweld te krijen ha. It giet dan om fysyk en ferbaal geweld. Yn Fryslân leit dat oantal folle leger.

It MCL yn Ljouwert telt de measte ynsidinten: dêr binne gemiddeld sa'n 2 ynsidinten yn 'e wike. Dan folget de Tjongerschans op It Hearrenfean mei sa'n 15 ynsidinten per jier.

Nij Smellinghe yn Drachten hat gemiddeld 4 kear per jier te krijen mei geweld en yn de sikehuzen fan Dokkum, Snits en Harns binne kwalik ynsidinten. It giet yn Fryslân foaral om ferbaal geweld, in inkele kear komt der fysyk geweld foar. Dan giet it yn de measte gefallen om pasjinten dy't drank of drugs hân hawwe of om pasjinten mei in psychyske sykte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)