Minder fruit en griente yn skap

04 apr 2006 - 09:12

De brân by Smeding betsjut dat in soad supermerken it moandei sûnder farske griente en fruit stelle moasten. In grut part fan de foarried is nei de brân net mear brûkber. Alle klanten, lykas supermerken en âldereintehuzen, binne snein al op 'e hichte steld.

Smeding begûn yn de rin fan moandei wer normaal griente en fruit te leverjen. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân en siket tsjûgen, dy't sneontejûn op it yndustryterrein wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)