Minder froulike riedsleden

29 maaie 2014 - 13:48

It tal froulike riedsleden is yn Fryslân nei de ferkiezings fan maart wat nei ûnderen gien, yn fergeliking mei de fjouwer jier dêrfoar. Dat docht bliken út lanlik ûndersyk. Yn de perioade 2010-2014 wie 30 prosint fan de Fryske riedsleden frou, nei de ferkiezings fan maart lei dat oantal hast twa prosint leger.

Under de 404 Fryske riedsleden binne no 104 froulju. De sifers komme fan ProDemos, de organisaasje dy't ek de stemwizer makket. Yn it ûndersyk binne de gemeenten dêr't yn novimber al ferkiezingen wiene net meinaam.

De útkomst is opfallend, want oer hiel Nederlân naam it persintaazje froulike riedsleden krekt ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)