Minder Friezen yn de bystân

11 mrt 2008 - 16:41

It tal minsken mei in bystânsútkearing yn Súdwest Fryslân is op 'e nij sakke. De measten ha oan de hân fan in reyntegraasjeprojekt wurk fûn. Neffens de sosjale tsjinst komt dat troch in goede gearwurking mei wurkjouwers yn it gebiet.

Ek binne der in soad plakken dêr't wurksykjenden ûnderfining opdwaan kinne. Op it stuit binne yn Súdwest Fryslân noch in lytse tûzen minsken ôfhinklik fan de bystân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)