Minder Friezen sykje wurk

20 sep 2007 - 20:45

It tal minsken dat wurk siket is yn Fryslân it ôfrûne jier mei hast 20 prosint werom rûn. Der binne noch goed tweintichtûzen Friezen op syk nei in baan. Dat docht bliken út sifers fan it Sintrum fan Wurk en Ynkommen, it CWI.

Foar it earst sûnt oktober 2001 binne der yn de trije Noardelike provinsjes minder as 60.000 wurksykjenden. Op dit stuit is 8,1 % fan de beropsbefolking yn it Noarden sûnder wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)