Minder Friezen op wintersport

21 feb 2014 - 16:47

De wintersport sit noch altyd yn it slop. Nettsjinsteande de grutte belangstelling foar de winterspelen yn Sotsji geane der ek dit jier net in soad Friezen nei de wintersportgebieten. Dat seit Paulus Paulusma fan Paulusma reizen.

Paulusma is ien fan de grutte Fryske touroperators dy't mei bussen nei de Dútske, Frânske en Eastenrykse snie giet. Neffens Paulusma is it benammen de ekonomyske krisis dy't der foar soarget dat minsken de wintersport oerslaan.

By Fryske skyskoallen is der noch wol sprake fan in lytse groei, mar in echte ferklearring derfoar is der net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)