Minder Friezen oan de slach as ZZP-er

13 aug 2015 - 10:18
  • (foto-ympresje)

It oantal Friezen dat oan de slach giet as zzp-er is dit jier in lyts bytsje minder wurden. Dat hat it ekonomysk buro fan de ING útsocht. De groeiende ekonomy is neffens de ûndersikers de grutste oarsaak fan de delgong. De kânsen op in kontrakt binne wat grutter wurden en dêrtroch nimt de needsaak om as selsstannige oan it wurk te gean ôf.

De grutste delgong is te sjen yn de transport en logistyk sektor en yn de detailhannel. Yn de bou en yndustry nimt it tal zzp-ers noch wol ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)