Minder Friezen hienen yn maaie in WW-útkearing

18 jun 2015 - 11:59

Der binne hieltiid minder Friezen dy't in WW-útkearing hawwe. It tal minsken dat in útkearing hat is yn maaie mei 5,2 prosint ôfnommen yn ferlyking mei april fan dit jier. Dat docht bliken út sifers fan it útkearingsorganisaasje UWV.

Benammen yn de bou, de hoareka en de lânbou en fiskerij sitte minder minsken thús as in moanne earder. De grutste groep mei in útkearing is de 50 plusser. De helte fan alle minsken mei in WW-útkearing is âlder as 50 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)