Minder fisk yn Waadsee

10 apr 2014 - 07:37
  • Fiskfange mei de 'takkenfuik'

It tal fisken yn de Waadsee is de ôfrûne fyftich jier flink minder wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan it NIOZ, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee. Der binne soarten by dy't sels amper mear foarkomme. Oarsaak is ûnder oare de oanlis fan de Ofslútdyk, wêrtroch fisk net mear fan swiet nei sâlt wetter swimme kin. It ûndersyk is dien mei in fûke yn it Marsdiep tusken Teksel en Den Helder.

De Waadferiening wol graach dat der mear mjitpunten komme, sadat der in noch better byld fan de fiskstân yn de Waadsee ûnstiet.

Ek tinkt de organisaasje dat de oanlis fan in fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk in posityf effekt ha sil op it tal fisken. Troch de rivier kin fisk wol fan swiet nei sâlt wetter swimme.

It NIOZ wol graach op meardere plakken yn de Waadsee ûndersyk dwaan om sa data mei elkoar te fergelykjen. Eilânbewenners hawwe op Skylge plannen om de klassike 'takkenfuik' wer yn eare te werstellen. Hjir soe it NIOZ gebrûk fan meitsje kinne foar it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)