Minder fernieling troch stappers

11 des 2005 - 09:00

De gemeente Skarsterlân hat ientredde minder fernielings as ferline jier, sa meldt de plysje. Dat soe komme troch in proef mei lettere iepeningstiden fan de hoareka. Ek yn de gemeenten It Hearrenfean en Snits binne minder fernieling. De proef duorret oant april 2006.

By in tuskentiidske evaluaasje hawwe omwenners fan kroegen oan de Jouster Midstrjitte oanjûn dat der mear leven is yn 'e betide moarnsoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)