Minder ferlet fan boerehelp

17 apr 2003 - 00:00

Fryske boeren ha it earste fearnsjier fan 2003 minder faak de boerehelp AB Service ynskeakele. Direkteur De Jong fan 'e útstjoerorganisaasje seit dat de reden is dat de boeren minder faak siik wiene.

De direkteur rûst de ynset fan útstjoerkrêften foar sykte yn it earste fearnsjier op de helte minder as ferline jier. As dat trochset, dan kinne boeren oan 'e ein fan it jier jild weromkrije út 'e sikefûnspot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)