Minder ferkearsslachtoffers

22 apr 2009 - 17:08

Yn 2008 binne der yn Fryslân 30 minsken yn it ferkear om it libben kaam. Dat is ien minder as yn 2007. Ek it tal minsken dat mei ferwûnings nei it sikehûs moast wie yn 2008 minder as it jier dêrfoar. Lanlik is it tal ferkearsslachtoffers ek minder wurden.

De sifers dy't no presintearre binne jouwe de provinsje Fryslân hoop dat de doelstelling fan 25 persint minder ferkearslachtoffers yn 2010 helle wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)