Minder ferkeappunten fjoerwurk

18 nov 2004 - 17:14

It tal ferkeappunten fan fjoerwurk yn Fryslân is dit jier mear as de helte minder yn fergelyk mei ferline jier. Fan de 190 lokaasjes bliuwe der sa'n 90 oer. Dat komt troch de strangere regeljouwing.

In protte ûndernimmers fine dat it te folle kostet om oan de foarwaarden fan fjoerwurkopslach te foldwaan. It giet dan bygelyks om de oanskaf fan in nije brânblusynstallaasje, of in nije klûs foar de opslach fan fjoerwurkpakketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)