Minder ferkeap huzen doarpen

01 nov 2012 - 17:19

Wenningboukorporaasje Thús Wonen ferkeapet minder huzen yn de lytsere doarpen fan Noardeast-Fryslân. Dat is it gefolch fan in pakket ôfspraken tusken de wenningboukorporaasje en B&W fan Dongeradiel, sa ferwachtet wethâlder Albert van der Ploeg van dy gemeente. De gemeenteried moat der noch wol oer te set. Thús Wonen sit no noch mei wenten yn 37 doarpen en dat soe werom nei 13. Ûnderdiel fan de nije ôfspraken is dat maksimaal in kwart fan de wenten yn de lytse doarpen ferkocht wurdt.

Boppedat is ôfpraat dat as in wente te keap komt, hy ek dalik wer foar de ferhier oanbean wurdt. As in nije hierder him earder meldt as in nije keaper wurdt it hûs net ferkocht, mar ferhierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)