Minder fergoeding foar opfang

08 sep 2008 - 16:00

Besunigings op de gastâlderopfang kin grutte gefolgen ha foar wurkjende âlden op it Fryske plattelân. Steatsektaris Dijksma wol fan 2010 ôf de fergoeding mei mear as de helte werombringe. Dat sil jilde foar âlden dy't har bern nei in gastâlder bringe.

As it plan trochgiet sille guon âlders nei alle gedachten minder wurkje. It is ek de fraach oft dizze foarm fan opfang bestean bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)