Minder fakatueres frijkaam

14 sep 2010 - 10:46

It oanbod oan fakatueres yn Fryslân is ôfrûne moanne mei 13 persint nei ûnderen gien, sa docht bliken út ûndersyk. Yn 'e oare provinsjes is it tal frijkommen banen ek minder wurden, mar net safolle minder as yn Fryslân.

De algemiene trent is dat sûnt jannewaris it tal fakatueres krekt tanimt. De ôfname yn augustus hat neffens de ûndersikers te krijen mei de simmerperioade. Allinnich yn de IT-sektor is it tal fakatueres yn augustus licht tanaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)