Minder faak op fakânsje

08 jan 2013 - 16:55
  • Fakânsje

Nederlanners gean dit jier minder faak op fakânsje en mear minsken bliuwe thús. Dat blykt út in grut lanlik ûndersyk no't de fakânsjebeurs yn Utrecht wer begûn is. Fanwege de krisis seit mear as in kwart fan de Nederlanners dit jier thús te bliuwen. Wylst yn 2012 noch 81 prosint mei fakânsje gie. Nederlanners fine fakânsje noch hieltyd tige belangryk.

Neffens persoanlik reisadviseur oan hûs Annemarie de Jong fan Ljouwert gean de minsken wol op fakânsje, mar nei goedkeape lannen lykas Turkije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)