Minder earrebarren Earnewâld

19 jun 2008 - 06:50

By it earrebarrestasjon Eibertshiem yn Earnewâld binne foar it twadde jier op rige minder jongen berne as ornaris it gefal is. Dat is opmerklik, omdat der wol mear briedende steltsjes wiene. Ut de 33 aaien kamen mar 10 jongen. Der gongen mear pykjes dea en der binne mear briedpearkes gewoan fuortflein.

Op oare plakken yn Fryslân koe de flage wol faker út foar in nij earrebarrepykje, bygelyks yn ´e bosken by Beetstersweach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)