Minder dûkers yn Boerum

01 jan 2009 - 13:48

Yn Boerum hawwe sa'n 40 minsken meidien oan de jierlikse nijjiersdûk. Dat wiene der folle minder as de hûndert dy't yn earste ynstânsje ferwachte waarden. Foardat der dûkt wurde koe, moast it iis noch fuorthelle wurde. De helptsjinsten wiene paraat, fanwege de kjeld.

De nijjiersdûk yn Ljouwert waard troch de gemeente ferbean. Dy fûn it fanwege de kjeld net ferantwurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)