Minder drokte by Frisian Flag

16 apr 2009 - 09:28
  • Frisian Flag is in stik lytsskaliger fanwege de resesje

De ynternasjonale fleanoefening Frisian Flag hat lêst fan de ekonomyske krisis. Fanwege besunigings hat de Poalske loftmacht ôfsein. De lieding fan de fleanoefening op de fleanbasis Ljouwert krige de ôfsizzing op it lêste momint.

Der soene 30 tastellen meidwaan oan de oefening. It binne der no 22, want ek de Belgen en Dútsers ha ôfheakke. No dogge allinne in tal Nederlânske F-16's, Amerikaanske F-15's en ien fleanmasine út Noarwegen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)