Minder drok foar KNRM

22 jan 2014 - 07:47

De kâldere maaitiid hat der mei foar soarge dat de KNRM yn Harns ferline jier minder út hoegde te farren. De helptsjinst moast 51 kear yn aksje komme, tsjin 57 kear yn 2012. Neist it minder moaie waar, wiene der bygelyks ek skippers dy't har net goed taret hiene op it farren yn it drege Waadgebiet. It byld yn Harns komt oerien mei it lanlike byld. Ek dêr hoegden de measte stasjons minder yn aksje te kommen.

Wol waard der faker in berop dien op de Radio Medyske Tsjinst. Dêr kinne minsken hinne belje om help fan in dokter, as der oan board ien ferwûne of siik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)