Minder dong; mear opbringst

07 okt 2003 - 00:00

Feehâlders kinne mei minder keunstdong ta en dochs mear opbringst ha per hektare lân. Ut ûndersyk yn Wageningen hat bliken dien dat ureum-keunstdong bettere opbringsten jout as kalkammonsalpeter. It ûndersyk is útfierd op fersyk fan de Fryske boeren.

Troch skerpere Europeeske miljeu-easken meie der minder stikstoffen op it lân struid wurde. Troch ek oare soarten keunstdong te brûken wurdt in heger rendemint helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)