Minder dekkingen Frysk hynder

12 jan 2013 - 16:58
  • hynstekeuring

It Fryske hynder is populêrder yn it bûtenlân as by ússels. Dat kin de konklúzje wêze op de Fryske hynstekeuring yn it FEC yn Ljouwert. Yn 52 lânnen is it Fryske hynder te finen. Foar de organisaasje in hiele toer om al dy hynders ek te keuren. Der sil besjoen wurde hoe't dat yn de takomst noch better regele wurde kin.

It tal dekkings is halvearre, fan 8.500 nei 4.500. Dochs sjocht de takomst der goed út, neffens foarsitter Cees Roozemond fan it Frysk hynstestamboek. Norbert 444 fan Jan van der Zee waard kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)