Minder dagen Strjitfestival

18 jan 2012 - 12:35
  • Strjitfestival 2011

It Strjitfestival Fryslân yn Ljouwert driget ein maaie fan 3 dagen nei 1 dei werom te moatten. Oarsaak is in grutte koarting op de subsydzje fan it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân. Dy besuniget 150.000 euro op it strjitfestival.

It komitee docht der alles oan om sponsoaren te finen, mar dat is in dreech karwei, mei it each op de ekonomyske sitewaasje. Dat hat neffens foarsitter Arthur Oostvogel fan it komitee ek gefolgen foar de boekings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)