Minder bystânsútkearings Smellingerlân troch re-yntegraasje

30 aug 2015 - 10:53
  • Gemeente Smellingerlân

De gemeente Smellingerlân hie yn 2014 minder ynwenners mei in bystânsútkearing as yn 2013. Troch it re-yntegraasjebelied wurdt der goed om tocht dat jongeren net te betiid fan skoalle gean. Se wurde better begelaat nei de arbeidsmerk en mear minsken wurde oan regulier wurk holpen as it lanlik trochsneed.

Oer hiel Nederlân is de bystân yn 2014 mei 5% omheechgien. Yn Smellingerlân is it tal minsken yn de bystân krekt 1,2% sakke. Dêrmei stiet de Fryske gemeente yn de top 10 fan middelgrutte gemeenten mei de minste groei yn it tal útkearings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)