Minder bystân yn Snits

27 okt 2010 - 17:11
  • It stedhûs fan Snits

Yn it earste healjier fan 2010 is it tal bystânsútkearingen yn Snits mei ien prosint ôfnaam. Hjirmei docht de gemeente it goed. Yn oare healgrutte gemeenten is yn dyselde perioade it tal útkearingen krekt tanaam mei yn trochsneed 8 prosint. Dit docht bliken út sifers fan it Sintraal Plan Buro.

Ek oer in langere perioade docht de gemeente it goed. Hjir is in ôfname fan 4 prosint te sjen, tsjinoer in taname fan 4 prosint yn oare gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)