Minder buertaginten as tasein

23 mrt 2006 - 16:27

Fryslân krijt minder buertaginten as earst tasein wie. Der soene 80 plysjeminsken oansteld wurde dy't benammen yn 'e wyk aktyf wêze sille. Dat wurde der no 69 plysjeminsken.

Dat der minder buertaginten komme hat te krijen mei de lege wurkdruk op guon plakken yn de provinsje. 'At der neat te dwaan is, hoege jo ek gjin plysjeman yn te setten yn de buert', fynt korpsbehearder Dales.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)