Minder briedpearen greidefûgel

01 okt 2014 - 17:31
  • Ljip

It tal briedpearen by greidefûgels is weromrûn yn ferliking mei it ôfrune jier. De tsjirk is de iennige greidefûgel dêr't it tal fan tanaam is. By de ljip, de skries en de strânljip wienen der dit jier krekt minder briedpearen.

Fûgelwachten kinne sûnt dit jier ynformaasje trochjaan fia in app op de mobile telefoan. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat derfoar soarge. Dit briedseizoen is 20 prosint fan de registraasjes dien fia de app. Dat persintaazje moat takom jier omheech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)