Minder briedende ielreagers

27 maaie 2010 - 11:18
  • In skrouske ielreager (foto: Remco de Vries)

It tal briedende ielreagers yn Fryslân is de ôfrûne twa jier behoarlik sakke. Dat docht bliken út sifers fan Sovon Vogelonderzoek. Dizze maitiid briede der 13 prosint minder fûgels as twa jier werom. Fergelike mei ferline jier sakket it sels hurder, want dan komt it út op 18 prosint minder.

De sifers komme no al nei bûten omdat ielreagers hiel betiid briede en dus ek betiid teld wurde kinne. Lanlik is it tal briedende ielreagers yn twa jier tiid mei 20 prosint sakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)