Minder brazems yn Frysk wetter

23 apr 2003 - 00:00

De fiskstân yn de Fryske marren en sleatten is sûnt 1998 de helte minder wurden. Dat docht bliken út ûndersyk. Neffens de ûndersikers is benammen it tal brazems werom rûn.

Dat is in goede ûntwikkeling omdat dy fisken yn de boaiem wrotte en dêrtroch wurdt it wetter troebel. Dan komt der minder ljocht nei binnen en kinne de planten net goed groeie. Wat minder brazems, wat helderder it wetter dus wurdt en wat minder de fersmoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)