Minder boaten teld yn Fryslân

19 aug 2012 - 16:03

Troch de provinsje is fyftjin prosint minder boaten teld op acht telpunten op brêgen en sluzen. It giet dan om de perioade april oant en mei july. Yn totaal binne der goed 102.000 boaten teld tsjin hast 110.000 ferline jier. Mar yn july is dúdlik te sjen dat it wer in stik better giet en is de ynhelslach wer ynset. Dat kinne de wettersportûndernimmers ek wol brûke.

Net alle boaten wurde teld, want as de brêge der net foar iepen hoecht, komme je net yn de statistiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)