Minder besikers Snitswike

08 aug 2008 - 09:55
  • Foto: Marten de Jong

De Snitswike hat dit jier minder besikers lutsen as oars. Nei skatting kamen der dit jier tusken de 100.000 en 120.000 besikers. Ferline jier wiene dat noch goed 140.000. Dochs sjocht de organisaasje werom op in moaie wike. Der wiene net folle problemen. De ambulânseboat dy't dit jier foar it earst beskikber wie, hoegde net yn aksje te kommen.

De 73e Snitswike slute ôf mei tongerwaar. Dêrom koe der op 'e lêste dei net syld wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)