Minder besikers Lânbou-RAI

15 des 2002 - 00:00

De Lânbou-RAI hat dit jier folle minder besikers lutsen as twa jier ferlyn. Yn totaal besochten goed 54 tûzen minsken de grutste lânboubeurs fan Nederlân. Yn 2000 wiene dat noch 70 tûzen. De RAI hat gjin ferklearring foar de tebekrin.

Under de besikers wiene in soad jonge boeren: sân op de tsien is jonger as 45 jier. Njonken de nijste traktoaren wie der ek ynformaasje te krijen oer biologysk buorje, agrarysk natuerbehear en emigraasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)