Minder besikers kontaktdagen

25 mrt 2010 - 07:41
  • Foto: Omrop Fryslân

Der kamen dit jier krekt wat minder minsken nei de Bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert as ferline jier. Doe wiene der 23.000 besikers, no wiene dat der 1500 minder. Hast 800 bedriuwen, gemeenten en oare organisaasjes stiene op de 27e edysje fan 'e kontaktdagen.

De organisaasje wit net krekt hoe't it kin dat der dit jier minder besikers wiene, mar tinkt dat it moaie waar der miskien wat mei te krijen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)