Minder besikers Frysk Museum

29 des 2003 - 00:00

It Frysk Museum yn Ljouwert hat dit jier minder besikers lutsen as ferline jier. In wurdfierder meldt dat de teller op 58.000 stean bleaun is. Yn 2002 wiene dat der noch 62.000.

Benammen de waarme simmer soe it besikerstal drukt hawwe. De útstalling ' De Fryske Nassaus' hat it tal besikers noch in bytsje op peil holden, sa seit in wurdfierder fan it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)