Minder besikers foar kampearbeurs Caravana yn Ljouwert

28 jan 2015 - 17:45

Mei goed 45.000 besikers hat de beurs Caravana minder minsken lutsen as ferline jier. De kampearbeurs hie in jier lyn goed 7000 besikers mear. De organisaasje seit dat it minne waar debet is oan it legere besikersoantal.

Op freedtejûn wie der in waaralarm en ek op sneontemoarn kamen de besikers pas letter nei it WTC yn Ljouwert ta, sa seit de organisaasje. Dochs is it WTC tefreden oer it ferrin fan Caravana.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)