Minder besikers foar Belvédère

24 des 2008 - 14:35

Yn Belvédère, it museum foar de moderne keunst by Oranjewâld, kamen dit jier 14.000 minder besikers as it jier derfoar. Fan goed 49.000 minsken gie it museum werom nei 35.000.

Oare musea lykas it Planetarium yn Frjentsjer en it Hannemahûs yn Harns diene it dit jier krekt better. It Fries Museum bleau gelyk. Ek it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân luts minder besikers. Belvédère hat yntusken in werynrjochting trochfierd om wer mear folk te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)