Minder besikers filmfestival

19 nov 2010 - 11:09
  • Sêne út The Portugese Nun
  • Grutte seal yn De Harmonie dêr't it filmfestival wie

It Noardlik Filmfestival hat dit jier minder folk lutsen as ferline jier. Doe wiene it noch 26.000, no 23.000. It festival wie ferline wike yn Ljouwert. Foar it earst krigen films út it noarden rom omtinken. Neffens de organisaasje foel dat wol yn 'e smaak.

De tagongsprizen wiene dit jier heger, omdat it festival mear betelje moat foar it ynhieren fan de films. De reaksjes op dy hegere prizen wurde de kommende tiid besjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)