Minder besikers Caravana

22 jan 2013 - 12:20

De jierlikse Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert hat dit jier 25 persint minder besikers lutsen. De organisaasje skriuwt dat ta oan it winterwaar fan de ôfrûne dagen. Tiisdei is de lêste dei fan de grutste kampearbeurs fan Nederlân, dy't 400 eksposanten telt. It giet foaral om bedriuwen dy't caravans en campers ferkeapje en campings út hiel Europa. Dochs binne organisaasje en eksposanten oer it algemien tefreden, want de measte besikers wiene serieus op syk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)