Minder besikers Betheltsjerke

20 des 2009 - 13:33
  • De Betheltsjerke yn Drachten

In protte tsjerketsjinsten waarden sneintemoarn betiid ôflast. Sa koe yn guon gefallen de dûmny net op 'e tiid op de preekstoel komme. De tsjinst yn de Betheltsjerke yn Drachten gong wol troch, mar waard wol folle minder goed besocht as oars.

De tsjerke siet noch net foar de helte fol. Gastsprekker Andries Knevel, bekend fan de EO, koe fanwege de waarsomstannichheden de tsjerke net berikke. Dêrom waard yn sân hasten in oare dûmny frege om te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)