Minder bedriuwen fallyt

04 okt 2010 - 15:52

It tal Fryske falliseminten is yn it tredde fearnsjier fan 2010 ôfnaam. Yn Nederlân giene 20% bedriuwen minder fallyt as yn it selde fearnsjier fan 2009. Fryslân stuts dêr noch mei kop en skouders boppe-út.

Yn Fryslân sakke it tal bedriuwen dat oer de kop gie mei mar leafst 37 persint. Neffens Martin van Koldam fan de noardlike Keamer fan Keaphannel is der lykwols noch gjin reden foar feest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)